Lêsrakken

De lêsrakken dy ‘t destiids op ‘e iepenbiere twatalige skoalle brûkt waarden yn de earste en twadde klasse (no groep 3 en 4!) binne yn ‘e gong by de trep ophongen.
Fan 1950 ôf wie de iepenbiere skoalle ien fan de njoggen proefskoallen dy ‘t de bern yn har eigen memmetaal de feardigens fan lêzen, skriuwen, taal en rekkenjen oanlearden. Juffer Wike Zijlstra hie de lêsmethoade sels ûntwurpen mei de lêsrakken. Skilder Bernardus (Nakke) Nieuwenhuis (fan de Folgersterloane) hat de plaatsjes allegearre makke en skildere. Hy gie as bern sels ek nei de iepenbiere legere skoalle (1918) hjir yn de Rottefalle.