Siegers kast

Saterdeijûn 7 okt. wie ‘t och sa gesellich yn ‘ e hûskeamer en it lytse sealtsje. It bestjoer fan ‘ t doarpshûs hie de timmerploech, dy’t mear ûnder de namme Z-tiim bekind stiet, útnoege foar in noflike jûn.
Oan de hân fan dia’ s fan de bou fan ‘t MFS fan Joop kaam nochris dúdlik nei foaren hokker  geweldich wurk dizze bouploech út ‘ e wei set hat. Sieger mei Atze en Haaije wie de direksje fan dizze ploech.


Sieger hat fan ‘t begjin ôf oan fan 2010 ôf him ynset foar earst de bou fan in doarpshûs mei troch himsels makke boutekenings en letter as lid fan de bouploech fan Jorritsma. Syn ynbring hat hiel faak fan grut belang foar ús west.
It bestjoer fûn dêrom dat syn namme foar altiten oan it doarpshûs ferbûn wurde soe. Hja hat in kast yn de lytse seal syn namme jûn. Dizze kast wie nlt. hieltiten al nei him neamd: Siegers kast.