De Compagnons ien fan de âldste organisaasjes yn ús doarp hâlde foar ‘t earst yn har bestean in jiergearkomste yn ‘t doarpshûs it Werflân. Dizze feriening hat spesjaal har regleminten oanpast om ienris yn ‘e 2 jier by ús gear te kommen. Foarhinne wie de Herberg van Smallingerland har fêste gearkomste plak.
Op dizze gearkomste hawwe allinne de leden – de compagnons – tagong. Dat binne de lju dy ‘t yn ‘t stroomgebiet fan de Lits in eigen wenning ha. Dizze compagnons steane allegearre te boek en wurde persoanlik útnoege op ‘e jiergearkomste, de twadde woansdei fan jannewaris. Persoanen, dy ‘t gjin lid binne kinne allinne dizze gearkomste bywenje as hja in folmacht fan in compagnon hawwe.
“De Compagnons der Vaarten en het Vallaat” hawwe besittingen yn de foarm fan landerijen en pleatsen. Op dizze jiergearkomste wurdt der ferslach útbrocht hoe ‘t der it ôfrûne jier buorke is.
Ut dy ynkomsten gerive hja de pleatselike ferienings jierliks mei subsydzjes. De pleatselike doarpsferienings, skoalle, tsjerken en sa kinne foar 1 desimber in skriftlike oanfraach yntsjinje foar sa ‘n jildelike stipe. Op ‘e dizze jûn wurdt bekind makke wat it bestjoer fan de compagnons foartselt oan har leden mei dy oanfraach te dwaan. De leden nimme dy foarstellen hast altiten oer.
Der waard yn totaal € 17500 subsydzje jûn oan 34 ferienings en organisaasjes. Fjouwer oanfragen waarden ôfwezen.